"Pesten moat sjoen wurde as gefal fan bernemishanneling"

Pesten is in foarm fan bernemishanneling. Dat fynt it Iepenbier Ministearje (IM). Pesten komt hieltyd faker foar. Benammen op ynternet en smartphones wurdt de lêste tiid in soad narre. Yn Nederlân wurde 119.000 gefallen fan bernemishanneling yn it jier melden. Tusken de tritich en fyftich bern ferstjerre oan de gefolgen dêrfan.
In spesjale groep saakkundigen advisearret stellen dy't heit en mem wurde in 'kursus bern grutbringen' te jaan. De measte bernemishannelingen fine thús plak. It is no de wike fan de bernemishanneling.