Swimbad en sporthal wurde waarm stookt mei gemeentlik grien

15 nov 2016 - 16:39

De boel waarm stoke mei hout. Dat bart fan no ôf yn swimbad De Blauwe Golf en sporthal Rengers yn Ljouwert. De houtstookynstallaasje tusken de beide gebouwen yn is tiisdei offisjeel yn gebrûk naam. It hout komt fan it grienûnderhâld fan de gemeente. Dat smyt in jierlikse besparring op fan 450.000 kúb gas, en dat drukt de kosten aardich.

Swimbad De Welle yn Drachten besiket de stookkosten ek te drukken. Sy hawwe sawat tûzen sinnepanielen oanskaft. En swimbad De Kûpe yn Bûtenpost wurdt waarm hâlden mei restwaarmte.

(advertinsje)
(advertinsje)