Skûtsjes los yn Lemster Baai

17 maaie 2012 - 16:20

De striid op it wetter tusken de skûtsjes is wer los. Hast 60 skûtsjes fan de SKS en IFKS troffen mekoar yn de Lemster Baai. Dêr fynt dizze dagen de 30ste edysje fan Lemmer Ahoy plak, it begjin fan it skûtsjeseisoen.

Der binne twa nijkommers by de SKS, Jaap Zwaga op Langwar en Lodewijk Meeter op Huzum. Skipper Zwaga wol dit jier yn de SKS perfoarst foaroan meidwaan en Meeter hat der ek in goed gefoel oer want it is net mear sa dat it Huzumer skûtsje it gefjocht net mear oangean kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)