Weening oer Dekker: "Ik wit net wat dy manlju útspûke hawwe"

Pieter Weening (hjir op argyffoto) © ANP
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema werkent him net yn it byld dat nei foaren komt yn de biografy fan Thomas Dekker dy't tiisdei ferskynt. It is in ferhaal oer doping en drank en hotelkeamers mei hoeren. "Ik wit net wat dy mannen útspûke hawwe," seit Weening. "Sokke dingen haw ik neat fan meimakke. Ik haw net by se op de keamer lein."
Weening betwivelet oft it allegearre wol wier is wat der yn it boek stiet. "It sil ek wol ferkocht wurde moatte."
Weening ried fan 2001 oant 2011 yn de Rabobankploech, mei ûnder oaren Thomas Dekker en Michael Boogerd. Dy beide mannen hawwe tajûn dat se by yn dy tiid doping brûkt hawwe. Weening hat dat altyd mei klam ûntkend.