Hûnderten oanmeldings foar ûndersyk keunstgersfjilden

15 nov 2016 - 15:20
Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Hûnderten fuotbalklups, stichtingen en gemeenten hawwe har oanmeld foar in ûndersyk nei de rubber kerrels dy't brûkt binne op keunstgersfjilden. Bygelyks yn Opsterlân wurde fjouwer fjilden besjoen. It giet om dy yn Bakkefean, Beetstersweach, Lippenhuzen en op De Gordyk.

It ûndersyk bart op inisjatyf fan de autobânbranzj. De rubber kerrels binne makke fan fermealde autobannen en dêr soene mooglik kankerferwekkende stoffen yn sitte kinne. Lanlik wurde seishûndert fjilden ûndersocht. Ein dizze wike of begjin nije wike komme de resultaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)