Jeugd yn Harns krijt eigen ûnderskieding: Harlinger Held

15 nov 2016 - 15:16
Foto: ANP

De gemeente Harns krijt in eigen jeugdlintsje, de Harlinger Held. De ûnderskieding is foar jongeren tusken de 8 en 21 jier. As se in útsûnderlike prestaasje levere ha of har belangeleas ynsetten ha foar de Harnzer mienskip, dan komme se derfoar yn oanmerking.

It idee foar it lintsje komt fan it CDA. De partij fynt dat in soad jongeren har yn de gemeente ynsette foar de mienskip. Se moatte dêrfoar betanke wurde. De earste kear dat de Harlinger Held útrikt wurdt is takom jier by de útrikking fan de keninklike ûnderskiedingen by Keningsdei.

Oanmeldingen foar it lintsje kinne dien wurde fia de site fan de gemeente Harns. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)