Fjouwer filialen fan MS Mode yn Fryslân bliuwe iepen

15 nov 2016 - 14:24
Foto: ANP

Yn Fryslân bliuwe de winkels fan MS Mode yn Drachten, It Hearrenfean, Ljouwert en Snits iepen. Alle meiwurkers dy't no wurkje foar MS Mode hâlde harren baan. MS Mode hâldt yn Nederlân 95 fan de oarspronklike 130 winkels iepen.

De moadeketen foar froulju wie earder fallyt ferkleare, mar makke in trochstart. Oant no ta wie net bekend hokker winkels iepenbliuwe soene. Yn België bliuwe 24 winkels iepen, yn Lúksemboarch fiif en Spanje hâldt 32 winkels.

Trefwurden: 
MS Mode winkel klean
(Advertinsje)
(Advertinsje)