Wurdt de Top2000 stimwike dit jier ôftrape yn Grou?

© ANP
Grou makket kâns om it plak te wurden dêr't de stimwike foar de Top2000 úteinset. Fan freed 25 novimber oant en mei freed 2 desimber kin eltsenien wer stimme foar de Top2000. NPO radio 2 is allinnich noch op syk nei in lokaasje wêr't dit feestlik ôftrape wurde kin.
Op dit stuit binne 15 stêden en doarpen nominearre. Se krije de kommende wike de tiid om live op radio kampanje te fieren. Harkers kinne dan stimme op harren favorite plak. Freed wurdt de winner bekend makke.