Wethâlder Klaas Antuma leit fuotgongersbrêge te plak

15 nov 2016 - 13:31
Foto: Binne-Louw Katsma

Wethâlder Klaas Antuma wie ôfrûne nacht by de pleatsing fan it lizzende brêgediel foar de nije fuotgongersbrêge by it stasjon fan Bûtenpost. De wethâlder fûn it unyk om derby te wêzen. "Met deze belangrijke stap krijgt de brug steeds meer vorm", sei Antuma. "De nieuwe brug is straks een echte blikvanger en wordt begjin 2017 in gebruik genomen." De brêge ferbynt it stasjon mei in parkearterrein, dêr't plak is foar hast 200 auto's. By it projekt wurket de gemeente Achtkarspelen gear mei ProRail en NS.

Metamorfoaze

Alle dagen meitsje 1800 reizgers gebrûk fan it stasjonsgebiet fan Bûtenpost. Om it parkearprobleem op te lossen en de berikberens fan it stasjon te ferbetterjen moast it gebiet op 'e skeppe. De fuotgongersbrêge is dêr in ûnderdiel fan. Oan de bûten- en binnenkant fan de brêge komme ôfbyldingen dy't it eigene fan Achtkarspelen sjen litte.

Ek besikers fan De Kruidhof sille gebrûk meitsje fan it parkearplak en de brêge. Minsken kinne de krûdetún berikke fia in natuerlike rûte fan it stasjon ôf. Ek strjitten yn de omjouwing fan it stasjon wurde oanpakt. De metamorfoaze fan it hiele gebiet is nei de simmer fan 2017 klear.

(advertinsje)
(advertinsje)