Wer striid oer plaknammen yn De Fryske Marren

© OPB, Marten Deinum
De Topografyske Wurkgroep Fryslân is lilk op de gemeente De Fryske Marren, no't dy oanjûn hat om op de kombuorden de Nederlânske namme boppe de Fryske namme te setten. Neffens de wurkgroep giet it kolleezje foarby oan de ôfspraken dy't earder makke binne yn de bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied. De wurkgroep hat der begryp foar dat de gemeente te krijen hat mei útienrinnende situaasjes oangeande de talen op de kombuorden.
De wurkgroep ferwiist nei de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat, dy't de Frysktalige namme boppe de Nederlânske stean hie. Dat soe in prachtich kompromis wêze, skriuwt de wurkgroep.
''As jo net it Frysk mar it Nederlânsk boppe-oan sette, ferleegje jo dêrmei it nivo fan it Frysk foar in grut part fan de gemeente.'' It falt de wurkgroep tsjin dat de fraksje fan de FNP net goed is foar harren hantekening ûnder de bestjoerlike oerienkomst oer it taalbelied.