Lytsfeeshow Noardburgum hat lêst fan fûgelgryp

15 nov 2016 - 10:39

De plomfee- en kninefokferiening Burgum moat in diel fan de grutste show fan lytsfee yn Fryslân dy't kommend wykein yn Noardburgum hâlden wurdt, ôfsizze. De feriening hie foar it earst 725 bisten op de tentoanstelling, mar moat no sawat de helte skrasse fanwege de fûgelgryp. Steatssekretaris Van Dam hat in tentoanstellingsferbod ynsteld. De organisaasje hat besletten dat de show wol trochgiet, mar dat der gjin plomfee te sjen is.

(advertinsje)
(advertinsje)