Minne simmer spilet fytsefabrikant Accell parten

15 nov 2016 - 08:46
Accell Group - Foto: Omrop Fryslân

Fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean hat it ôfrûne fearnsjier lêst hân fan de minne simmer. Oan de ein fan it seizoen moasten in soad fytsen mei koarting ferkocht wurde om de foarried op te romjen.

Sûnder mei sifers te kommen, meldt it bedriuw no dat de omset dêrtroch ''gedrukt'' is. Accell meldt der wol fuort by dat it bedriuw ferwachtet oer it hiele jier gelyk út te kommen mei de sifers fan 2015. Doe helle it bedriuw in winst fan mear as 30 miljoen euro.

De opbringsten yn de Feriene Steaten daalden en de delgong fan it Britske pûn is neidielich foar it bedriuw. Wol naam de ferkeap fan elektryske fytsen wer ta.

(advertinsje)
(advertinsje)