Kollum: "Kick out Kinderhandel"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Soms komme dingen samar byinoar. Dat wie foarige wike woansdei ek sa, in dei dy’t troch guon minsken yn in oanfal fan akute hystery en mei it nedige gefoel foar patos en drama it ‘twadde 9/11’ neamd waard. In op syn minst ûnsmaaklike ferliking, wat my oangiet. De ferkiezing fan Donald Trump ta presidint fan Amearika siet in protte minsken goed heech. Mar ek wer net sa heech dat der jûns gjin sjoggers foar de wedstryd Nederlân-België wiene (mear as twa miljoen) en it Sinteklaassjoernaal (mear as ien miljoen). Want Trump is ien ding, mar wat de NOS mei Swarte Pyt docht is in twadden.
Swarte Pyt is rasisme, sizze de tsjinstanners. It helpke fan de Goedhillichman is in streekrjochte ferwizing nei de tiid fan de slavernij. Sizze se. Krekt dyselde deis hie ik it berjocht lêzen dat de SPD yn Dútslân fynt dat de Dútske oerheid yn guon gefallen bernehouliken erkenne moat. Dat berjocht folge op in tweet fan de Grien Linkser Johan Grijzen, in pear wike earder. Yn dy tweet stie it folgjende te lêzen: ‘Voortrottend rascisme is een bedreiging voor de samenleving. Vergeleken daarmee zijn kindbruidjes een randverschijnsel.’ No bin ik gjin dokter, mar nei sokke berjochten soest toch sizze dat kultuerrelativisme de harsens oantaast. Oars kin ik it net ferklearje dat legale pedofily en slavernij ôfdien wurde as ‘randverschijnsel’.
Dêr ha wy it nammentlik oer, oer slavernij. Sa’n famke wurdt kocht. Foar jild. De famyljes dêr’t se út komme binne faak grut en earm en kinne dat jild wol brûke. Wy ha it ek oer pedofily. Mannen fan bygelyks 49 jier dy’t trouwe mei in famke fan trettjin, sa as in pear moannen lyn yn Ter Apel it gefal noch wie. Gemiddeld komme der sa’n trije kindbruidjes per wike it lân yn, in gemiddelde dat yn Dútslan heger leit. Neffens Ineke van Winden fan it Centrum tegen Kinderhandel en Mensenhandel yn Ljouwert giet it yn in protte gefallen om traumatisearre tieners. Bern, meastal út flechtlingekampen en dêr úthoulike. Famkes dy’t help nedich ha. Dy’t in grutte kâns op nije trauma’s ha op it momint dat se finzen sitte yn in twongen houlik mei in âld keardel.
Hjoeddeiske slavernij en legale pedofily. Wat dat te betsjutten hat is ek te sjen op de website www.thechildbrides.story.aftonbladet.se. Fotograaf Magnus Wennman en sjoernalist Carina Bergfeldt litte dêr de ferhalen fan fiif jonge famkes oer it fuotljocht komme. As men dy lêzen hat wit men hoe misdiedich de hâlding fan de SPD is, hoe abjekt in útspraak as dy fan hear Grijzen fan Grien Links.
De rjochten fan in bern binne hillich, dy wage swierder as watfoar leauwe ek mar. Bernehouliken binne in skeining fan de Universele Verklaring fan de Rechten van de Mens. Wurdt it net ris tiid dat dêr tsjin protestearre wurdt? Wurdt it net tiid foar in aksje mei de namme Kick out Kinderhandel?"