Froulju stelle bankpas
Twa froulju hawwe woansdei de bankpas stellen fan in 79-jierrige frou út Burdaard. Se bellen mei in smoeske oan by de wenning fan de frou oan de Stylma-strjitte. De frou liet de twa der yn. Doe't se wer fuort wiene, miste de frou har bankpas. Har 80-jierrige man hat oanjefte dien.