Dochter Isabelle fan militêr kriget ek in medalje

14 nov 2016 - 22:35
(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Isabelle Saton (9) út Sonnegea kriget tongersdei yn Stienwyk in medalje fan de Kommandant fan de Striidkrêften. De heit fan Isabelle is militêr en moat geregeld op missy. Sy hat har heit al in pear kear in tal moannen misse moatten. De lêste kear wie dit jier, doe't har heit fiif moanne yn Afganistan wie. Dat binne drege tiden foar de militêren likegoed as foar it thúsfront. Dêrom krije de bern dy't harren heit of mem sa lang misse moatte, ek in medalje.

Trefwurden: 
Isabelle Saton medalje
(Advertinsje)
(Advertinsje)