Doede Geert Santema fan Mûnein is riddere

© Petra Duindam
Doede Geert Santema út Mûnein hat moandeitejûn in keninklike ûnderskieding krigen. Hy is ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau wurden. Hy krige de ûnderskieding fan boargemaster Wilma Mansveld fan Tytsjerksteradiel foar syn jierrenlange ynset foar de mienskip. Sa is Santema aktyf yn de hynstesport. Hy is al 20 jier sekretaris en ponghâlder fan it Koninklijk Warmbloed Paardenstamboek Regio Fryslân.
Fierders is er foarsitter fan de Feriening fan Doarpsbelangen fan Mûnein en Readtsjerk. Yn dy rol hat er minsken dy't aktyf binne op it mêd fan keunst en kultuer meielkoar yn kontakt brocht.