22 boetes foar lânbouweinen

De plysje hat de ôfrûne wiken 22 boetes útdield oan bestjoerders fan lânbouweinen. Fan 16 april oant en mei 15 maaie waarden goed 320 lânbou-weinen kontrolearre. De plysje tocht foaral om skerpe ûnderdielen dy't útstutsen, sa as mest-ynjektoaren. Fierder waard kontrolearre op de ferljochting en stikkene of ûntbrekkende spegels.
Yn ferbân mei de CAO-aksjes waard der foaral warskôge, dat barde 133 kear. De 22 boetes waarden foaral útskreaun foar stikkene ljochten en it net goed ferfieren fan lading.