Ryk nimt mear maatregels tsjin fûgelgryp

14 nov 2016 - 21:04
Foto: ANP

It ministearje fan Ekonomyske Saken nimt strangere maatregels om de fersprieding fan fûgelgryp tsjin te gean. Sa meie der no gjin bûtensteanders mear komme yn de stâlen mei plomfee. Allinnich feedokters meie der noch yn komme. Besikers fan bernebuorkerijen en bistetunen meie ek net mear yn kontakt komme mei fûgels.

De lêste dagen binne op ferskate plakken yn Nederlân deade fûgels fûn, dy't mooglik besmet binne mei fûgelgryp. Sûnt woansdei jildt al in ophokplicht.

(advertinsje)
(advertinsje)