Theun Wiersma op plak 11 kandidatelist 50Plus

14 nov 2016 - 19:51
Theun Wiersma - Foto: Theun Wiersma

Theun Wiersma út Drachten is de heechste Fries op de konsept-kandidatelist fan de partij 50Plus foar de kommende Twadde Keamerferkiezings fan maart takom jier. Hy stiet op it alfde plak. De partij makke de list moandei bekend. Rob Goedhart fan Koudum stiet op plak 38 en Willem Terpstra fan Boalsert op 44. Dick de Vries fan Starum en Harry Lamberts fan Ljouwert sitte by de listtriuwers.

Henk Krol, Léonie Sazias en Martin van Rooijen stean boppe-oan de list. Op 10 desimber wurdt de list definityf fêststeld op de ledegearkomste.

De earste tolve kandidaten fan de list gean begjin jannewaris in wike mei-inoar op training. Dêr soe Wiersma dus ek by sitte, as de list definityf wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)