Wat wurdt de namme fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân

14 nov 2016 - 19:20

Ynwenners fan Noardeast-Fryslân meie de kommende wiken foarstellen yntsjinje foar de namme fan de nije gemeente. Nei 1 jannewaris 2017 gean Ferwerderadiel, Dongeradiel en Kollumerlân as ien gemeente fierder. In nammekommisje sil trije nammen útsykje, dêr't takom maitiid by de ferkiezings foar de Twadde Keamer oer stimd wurde mei. Dejinge dy't de winnende namme betocht hat, fertsjinnet 500 euro.

De trije boargemasters joegen moandei yn Hegebeintum in startsein foar de syktocht nei de nije gemeentenamme.

(advertinsje)
(advertinsje)