FIDEO Sjinkie Knegt: "Ik hie it earst net iens yn de gaten"

14 nov 2016 - 17:59

"Ik hie it earst net iens yn de gaten. Mar mei noch twa rûntsjes te gean hie ik wol yn de gaten dat it hiel rap gie." Dat sei shorttracker Sjinkie Knegt in dei it beheljen fan in wrâldrekôr op de 1500 meter op de wrâldbekerwedstriden yn it Amerikaanske Salt Lake City. Knegt is mei rjocht en reden tefreden oer syn eigen prestaasjes yn Salt Lake City. "It iis op hichte leit my gewoan wol. Ik bin in rider dy't hiel maklik glydzje kin. En op hichte giet dat makliker as op seenivobanen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)