"Oer fiif jier gjin winterbannen mear"

"Oer in jier of fiif, seis is it dien mei de winterbannen". Dat ferwachtet Peter Bijstra, fêstigingsmanager fan bannespesjalist EuroMaster yn Ljouwert. De ûntwikkeling fan nije soarten bannen by de fabrikanten giet sa hurd, dat tsjin dy tiid ien type bân foar simmer en winter folstiet. No is it lykwols noch smoardrok mei it wikseljen fan de bannen. Wol binne it op 't heden benammen leaseriders dy't delkomme, want winterbannen binne faak ûnderdiel fan it leasepakket. Partikulieren komme pas wer as der echt snie yn de waarfoarsizzing sit.