De Bolster mei azc-skoalle stipet Sinteklaze-yntocht Balk

14 nov 2016 - 16:23

Skoalle De Bolster yn Balk, mei dêryn in azc-skoalle, sponsoret de Sinteklaze-yntocht fan kommende sneon. De yntocht hat in skoft faai stien, omdat der te min jild foar wie. De organisaasje hat no in sponsoraksje betocht. Bedriuwen, organisaasjes en partikulieren kinne har namme op in dak sette litte dat op in wein meirydt yn de optocht sneon. Dêr betelje se dan in bepaald bedrach foar. De azc-skoalle docht dat ek.

Bewenners fan it asylsikerssintrum hawwe foarljochting hân oer de eftergrûn fan it Sinteklazefeest. De haadpyt hat moandeitemoarn op de azc-skoalle west, krekt as op oare skoallen en de bern wiene wakker entûsjast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)