Noardwâldster kriget selstraf foar mishanneling eigen bern

© Omrop Fryslân
In man út Noardwâlde moat fjouwer moanne de sel yn, omdat er syn trije bern mishannele hat. De styfmem fan de bern krige in taakstraf fan 200 oeren, omdat se net yngrepen hat. Sy krige trije moanne finzenisstraf ûnder betingst.
De bern waarden mishannele as se by har heit en syn nije frou útfanhûs wiene. Se waarden faak skopt en slein. Neffens de bern wie de heit geregeld dronken en sloech er syn frou ek. It echtpear moat de bern ek nochris trijetûzen euro skeafergoeding betelje.