Ald-skoaldirekteur Velstra: soad wurkstress yn it ûnderwiis

14 nov 2016 - 15:00

Faaks werkenne je it wol: it sa drok hawwe op it wurk dat je der siik fan wurde. Dan binne je net de iennichste. Yn Fryslân hat ien op de tsien wurknimmers lêst fan burn-out-klachten. Lanlik leit dat persintaazje noch heger. Om mear oandacht te krijen foar dit probleem en de mooglike oplossings begjint moandei 'de wike fan de wurkstress'.

Anke Velstra út Ljouwert is 'ûnderfiningsssaakkundige'. Twa jier lyn hie se sels in burn-out as skoaldirekteur. No helpt se wurknimmers en liedingjaanden hoe't se dêr it bêste mei omgean kinne.

14 oeren op in dei

Velstra (34) hat skoaldirekteur yn Ie west, mar makke dêr in skoft lang tefolle oeren. Ek as der jûns in gearkomste wie, wie se moarns al betiid op skoalle. Wurkdagen fan 14 oeren wiene dêrtroch gjin útsûndering. Neffens Velstra komt dat yn it ûnderwiis in soad foar. "Het percentage werknemers met werkstress is in het onderwijs nog veel hoger dan in andere sectoren. Het gaat in het onderwijs wel om één op de vijf werknemers."

Gjin rêstmominten

Neffens Velstra dogge minsken dy't it risiko rinne om lêst te krijen fan wurkstress der goed oan om 'goed nei it eigen liif te harkjen'. De measte minsken mei burn-out ûntwikkelje hast allegearre wol ien of mear lichaamlike klachten. Dat is it momint om it wat kalmer oan te dwaan en ek om te besykjen om de oarsaak fan de wurkstress oan te pakken, seit Velstra. Wa't net fit is en dochs trochgiet, omdat je de bern net yn de steek litte wolle rint ier of let tsjin in burn-out oan. In soad minsken mei jonge bern fleane mar troch fan moarns ier oant jûns let sûnder echte rêstmominten, wit Velstra. Faak steane se noch mei de jas oan te iten sieden. Jûns hingje se dan hielendal leech op de bank, as se net noch wer fuort moatte nei in gearkomste.

Telefoan yn fleantúchstân

De smartphone is dêrby in ekstra stressfactor, want dêr komme ek mailtsjes fan de baas op binnen. "Als je vrij bent, hoef je die niet meteen te lezen en je hoeft er zeker niet meteen op te reageren", fynt Velstra. Noch sterker; in liedingjaande dy't yn it wykein of jûns let binnen tsien minuten antwurd krijt fan in wurknimmer, docht der goed oan om mei dy wurknimmer yn petear te gean. "Mijn advies is om je e-mail twee keer per dag te checken. Daar moet je niet de hele dag mee bezig zijn. Als ik schrijf of in gesprek ben gaat de telefoon in de vliegtuigstand." Ek fynt se it wichtich om rêstmominten yn te bouwen yn in drokke wurkwike. Dat hoecht net hiel lang te wêzen; in healoerke kuierje of in kertier neat dwaan kin ek al helpe.

Grinzen

Dat it twa jier lyn by Velstra misgie, leit ek oan harsels, jout se ta. "Ik wilde alles perfect doen, kon niks loslaten." No fynt se dat minsken yn it ûnderwiis leare moatte om har 'minder drok te meitsjen om lytse dinkjes'. Yn it ûnderwiis binne je noait klear. Underwizers en ûnderwizeressen moatte leare om de eigen grinzen te bewaken. Dat is yn it belang fan it ûnderwiis, want in juf mei wurkstress foar de klasse is foar de bern ek net fijn. "Mensen denken dat de kinderen het niet merken, maar die zijn er juist heel gevoelig voor."

Eigen baas

Nei har revalidaasje en ôfskie fan har wurkjouwer folge Anke Velstra in oplieding ta trainer en begûn se foar harsels. Velstra helpt no ûnderwizers en dosinten dy't fêstrûn binne yn it wurk. Dêrnjonken stiet se wer twa dagen yn 'e wike foar de klasse as ynfaljuf. "Het lijkt misschien een stap terug, maar zo voelt het niet. Ik doe weer wat ik het leukst vind; werken met kinderen." Lêst fan wurkstress hat se net mear, ek al omdat se eigen baas is. "Ik weet hoe kwetsbaar mensen met werkstress kunnen zijn, dus ik pas wel op." Velstra is no dwaande om in boek te skriuwen oer har ûnderfinings as saakkundige en begeliedster fan minsken mei wurkstress. Oer har ûnderfinings skriuwt se ien kear yn 'e twa wiken yn har eigen blog Blow your flow. Mar dat blog sit har net op 'e nekke; ien kear yn 'e twa wike in farske bydrage, is genôch. Blog, nijsbrief en saaklik Facebook smite har yntusken opdrachten út it hiele lân op.

(advertinsje)