Ljouwerter krijt boete foar "Don Quichotten"

14 nov 2016 - 14:22
Rjochtbank Ljouwert - Foto: ANP

In 64-jierrige Ljouwerter is feroardiele ta in boete fan 350 euro, wêrfan de helte ûnder betingst, nei't hy in meiwurker fan netbehearder Enexis op Facebook foar beul útmakke hie. De Ljouwerter hie der ek in foto fan de meiwurker by pleatst.

De man fan Enexis hie de stroom yn de wenning fan de man ôfsletten fanwegen in betellingsefterstân. De Ljouwerter hie de betellingsefterstân oprûn om't hy in skeel hat oer de wize fan beteljen. Hy wegeret it jild digitaal oer te meitsjen.

Neffens de rjochter is de Ljouwerter oan it "Don Quichotten" slein. De Ljouwerter hat al oankundige yn heger berop te gean.

Trefwurden: 
Ljouwert Enexis boete
(advertinsje)
(advertinsje)