Marrekrite wol gps-systeem foar helptsjinsten útwreidzje

Meldkeamer Drachten
De Marrekrite wol it nûmersysteem op de stegers en buorden om helptsjinsten it paad te wizen, fierder útwreidzje. It rekreaasjeskip beheart ek de fyts- en kuiernetwurken yn de provinsje en ek dy buordsjes hawwe allegear in gps-koade.
Troch dy troch te jaan oan de meldkeamer, kin de oanrydtiid fan de helptsjinsten fierder beheind wurde. Dat seit Lourens Touwen fan De Marrekrite. Hy neamt it plan fan Steatsboskbehear om sokke koadebuorden yn it Lauwersmargebiet te pleatsen, in goed inisjatyf.
Al bliuwt de rol fan de sintralist op de Meldkeamer tige wichtich. Dy moat de goede fragen stelle om de helptsjinsten sa gau mooglik op it eksakte plak fan de kalamiteit te krijen.
Bliid mei inisjatyf
De Meldkeamer yn Fryslân is bliid mei it inisjatyf fan Steatsboskbehear om yn it Lauwersmargebiet buorden mei koades te pleatsen om helptsjinsten it paad te wizen. Dat seit Roel Barkhof fan de Meldkeamer. Hoe mear fan sokke buorden, hoe better, fynt er.
It helpt meiwurkers fan de ambulânse of brânwacht om earder it paad te finen. It is no faak lestich om in eksakte lokaasje oan te jaan yn it natuergebiet. Op de buorden stiet in koade dy't oerienkomt mei gps-koördinaten. De helptsjinsten kinne dêrmei bepale wêr't se krekt wêze moatte.
Hûndert buordsjes
It is de bedoeling dat der sa'n hûndert buordsjes yn it Lauwersmargebiet komme. De Meldkeamer yn Fryslân wurket sûnt in pear wiken mei in sms-systeem. Mei in sms'ke nei de beller kin de Meldkeamer de gps-gegevens fan de smartphone achterhelje en dy trochjaan oan de helpferlieners. Betingst is wol dat minsken beskikke oer in 3G- of 4G-netwurk én dat se op de telefoan de 'plaatsbepaling' oanstean hawwe, oars wurket it systeem net.
Dêrom bliuwe buorden mei unike nûmers derop hurd nedich, seit Barkhof. Rekreaasjeskip De Marrekrite wurket al tsien jier mei sokke buorden by syn oanlisplakken.