Hoe en wat oer de supermoanne

Leafhawwers koene der snein al fan genietsje, mar de echte supermoanne is eins moandei oerdei. In supermoanne is in folle moanne dy't tichteby de ierde stiet as gewoanwei. Foar it each liket it himellichem 14 prosint grutter en 30 prosint helderder. It is foar it earst sûnt 1948 dat de moanne wer sa grut en helder is. Moandei om 12:21, dus midden op de dei, is de ôfstân tusken de ierde en de moanne op syn lytst. De ôfstân is dan mar 356.509 kilometer. De earstfolgjende kear dat wy wer sa'n supermoanne sjen kinne is op 25 novimber 2034.
Hoe te sjen? 
Om de supermoanne op syn moaist te besjen moatte jo fuort mei de opkomst fan de moanne om 17:21 nei bûten ta, en dan nei it Noardeasten sjen. Trochdat je op dat momint de moanne fergelykje kinne mei saken op de grûn liket er noch grutter. Ek by de ûndergong om 7:17 op tiisdeitemoarn is der wer sa'n momint.
Unsin
Net alle stjerrekundigen binne lykwols wiis mei al dizze oandacht foar de supermoanne. Stjerrewacht Sonnenborgh yn Utert bygelyks seit dat in supermoanne eins alle jierren wol foarkomt, al binne dy net sa bysûnder as dy fan dit jier. "De supermaan van 14 november is wel een van de grootste. Maar veel astronomen hebben een hekel aan de term supermaan: zo heel super is het allemaal niet en dat de term bedacht is door een astroloog helpt ook niet."
Foto's 
Unsin of net, de supermoanne soarget yn alle gefallen foar entûsjasme oer astronomy, en fansels in soad moaie plaatsjes. Ek yn Fryslân wie de oanrin nei it hichtepunt fan moandei goed te sjen, hjirûnder in seleksje fan inkele fotografen út Fryslân:
Thea Kommerie-Bosma, Damwâld
Anette van der Zee
Marjen Sijbrandij, Balk
Sabina van Dijk-Visser, Bûtenpost
Al binne der fansels ek noch altyd lolbroeken lykas Sanne Schouten: