"Ofspraken en útjeften SNN moatte opnij goed besjoen wurde"

14 nov 2016 - 10:37

De steatefraksje fan de FNP wol dat der nochris kritysk sjoen wurdt nei de ôfspraken dy't makke binne oer de finansiering fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland. Neffens de fraksje freget it SNN om mear jild fan de dielnimmende oerheden, lykas de provinsje. De fraksje wol dat der dêrom nochris goed sjoen wurdt nei wat der mei it jild dien wurdt. Guon saken dêr't it SNN it jild oan útjaan wol, binne neffens de fraksje tsjin de ôfspraken.

As foarbyld neamt de FNP de bekostiging fan it International Welcome Center North, in gearwurking mei it Russyske Leningrad Oblast. Dat projekt soe dit jier ophâlde, mar it SNN freget der no dochs wer jild foar.

(advertinsje)
(advertinsje)