UPDATE: Stellerij Datona winkel blykt in grap

14 nov 2016 - 10:26

De ynbraak by arkwinkel Datona yn Haulerwyk blykt in grap te wêzen. De eigeners hawwe it filmke yn scene set om sa omtinken foar harren winkel te freegjen yn dizze drokke sinteklaastiid. "Het begon inderdaad als een grap. Ons team marketeers bestaat uit een groepje jonge mensen en we hadden deze impact niet verwacht." sa lit it bedriuw yn in reaksje witte. De meiwurkers hiene op sosjale media en fia e-mail en whatsapp in protte reaksjes krigen.

"Hartverwarmend"

"Wij willen echt iedereen bedanken voor het medeleven en alle hartverwarmende reacties die wij hebben mogen ontvangen via Facebook, whatsapp en e-mail." It bedriuw hat in nij filmke online set wêrby't Sinteklaas sels útlis jout oer de stellerij dy't úteinlik gjin stellerij wie.

Ekskús 

It bedriuw hat yn de rin fan moandeitemoarn ekskús makke foar de grap. "We hebben de nieuwswaarde van het bericht verkeerd ingeschat."sa seit it bedriuw yn in reaksje. "Omrop Fryslan  is door ons verkeerd voorgelicht. Er was geen sprake van inbraak, terwijl dit wel was gesuggereerd door Datona tegenover RTV Drenthe." Ek betankje se opnij alle minsken dy't harren yn de ôfrûne twa dagen stipe hawwe, nei't it berjocht nei bûten kaam dat der stellerij west hie. 

Trefwurden: 
Datona stellerij Hoax
(advertinsje)
(advertinsje)