Kollum: "Dy Fryske Pyt ‘verstaat mij niet’"

14 nov 2016 - 08:31

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Op ‘e kop ôf in jier lyn hie’k it yn myn kollum oer de yntocht fan Sinteklaas en myn jeugdtrauma. Ik fertelde live op de radio dat Sinteklaas net echt bestiet. Noch gjin tsien minuten nei de kollum hie’k in poerrazende mem oan de telefoan. Hoe’t ik der yn fredesnamme bykaam om om kertier oer achten op de radio te roppen dat Sinteklaas net bestiet. Dus ik ha har beloofd dat ik dat nea wer sizze soe. By dizze.

Mar ik wol it wol efkes oer Sinteklaas ha. Want wêr’t der by de lanlike yntocht fan de Sint yn Maassluis like folle plysje optrommele waard as by de risikowedstriid Ajax-Feyenoord, wie der ôfrûne sneon yn Easterwâlde gjin plysjeman of -frou te bekennen. Ek hjir waard Sinteklaas troch hûnderten entûsjaste jonkjes, famkes, heiten, memmen, en pakes en beppes wolkom hjitten. Mei ús dweilorkest fersoargen wy de muzikale begelieding fan de âld man en syn leger oan Piten. Want dêr yn Easterwâlde witte se wol wat Sinterklaas fieren is.

Doe’t ik lyts wie kaam Sinteklaas yn Aldegea altyd oan mei in Pyt as twa, trije, soms sels fjouwer. Dat fûn ik yn dy tiid al in hiel soad. Mar yn Easterwâlde wenje blykber wat mear minsken, want hjir fleagen serieus wol sa’n tritich Piten om. Foar ús folslein ûnbekende minsken fansels, mar net foar in attinte speurneus út groep 8.

Doe’t de optocht efkes stil hold, ûntduts in jonkje fan in jier as alve dat syn juf ien fan de Piten wie. ‘Hé juf!’ rôp er ferbjustere. En doe seagen ek syn klassegenoaten dat it harren sminkte juf wie. Sy joech de bern gau wat pipernuten en naaide doe út. ‘Ik dacht al: ik ken haar ergens van’, sei in twadde jonkje. ‘Maar dit vind ik wel een beetje raar’, mompele er.

Ek gelyk hat er, want dat is ek raar. Datst samar ynienen in Swarte Pyt herkenst as dyn juf of master. Ik wit noch goed dat wy op skoalle in stazjêre hienen dy’t in pear moanne letter as Swarte Pyt yn de klasse siet. Ik herkende har stim en sei tsjin it famke njonken my: ‘Hé, dat is juf Doetie’. It duorre mar efkes as it rûze troch de klasse dat juf Doetie de Swarte Pyt wie. Ik ha der nea by stil stien hoe’t dat foar har wie. Mar soest der as Swarte Pyt nachtmerjes fan krije, liket my.

Oer nachtmerjes sprutsen. Doe’t ik yn groep acht siet, fertelde ús mem my in wike foar it Sinteklaasfeest by ús op skoalle dat sy de Swarte Pyt wêze soe. En ik mocht neat tsjin myn suske sizze, want dy leaude noch hillich. Dit is in ramp, wie it earste dat yn my opkaam. Ik moast der net oan tinke. Us mem dy’t fan dy domme grapkes makke, dy’t ferklaaid oer it skoalplein dûnse, en dat alles wêr’t ik by stie. Wat soe de rest fan de klasse der wol net fan fine? Ik ha der nachten net fan slept.

Uteinlik foel it fansels allegearre wol wat mei. Ik hie it folle grutter makke as dat it yn werklikheid wie. En sa giet it no ek mei dy hiele diskusje oer Swarte Pyt. Neffens my moatte wy dêr net sa’n punt fan meitsje. Simpelwei omdat de bern dat ek net dogge. Yn Easterwâlde stiene wite berntsjes mei in Swarte Pitemûtse njonken donkere berntsjes mei ék in Swarte Pitemûtse. En beide wiene se like bot Swarte Pyt. Swart of wyt. Gjin ferskil.

Mei oare wurden: wêr meitsje wy ús as grutte minsken no eins sa drok om? Al dy drokte is nearne foar nedich. No ja, dat sis ik no wol. Mar ek ik ha my der trouwens sels stikem ek skuldich oan makke. Te midden fan it bûnte selskip rûn nammentlik de Fryske Pyt. Hy hie in swarte pitepak mei pompeblêden, in pompeblêde mûtse en hy swaaide fleurich mei de Fryske flagge. Doe’t er njonken my stie, frege ik him oft er sponsore waard troch de Afûk. Hy seach my net-begripend oan en sei doe: ‘Sorry, maar ik versta je niet’.

No brekt my de klompe, tocht ik. Dit kin toch net wier wêze? In Fryske Pyt, ‘maar hij verstaat me niet’. No sjoch, dêr soene wy ús echt drok om meitsje moatte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)