Auto rydt sleat yn op N354; bestjoerder mei de skrik frij

14 nov 2016 - 08:11

It wie sneintejûn op 'e nij raak op de N354 nei Snits. In auto belâne yn 'e buert fan de ôfslach Reduzum by it buorskip Tsienzerbuorren yn de sleat. De helptsjinsten rukten manmachtich út mei ûnder oaren dûkers, mar dy hoegden net yn aksje te kommen. De bestjoerder kaam mei de skrik frij.

De oarsaak fan it ûngelok is net bekend. De ôfrûne wiken hawwe der meardere ûngelokken op de dyk west. De provinsje sil de dyk yn 2018 oanpakke, mar hat oankundige guon maatregels earder yn te fieren om de dyk feiliger te meitsjen.

(advertinsje)