Sjinkie Knegt wint 1500 meter yn nij wrâldrekôr

Sjinkie Knegt © Martin de Jong
Shorttracker Sjinkie Knegt hat sneintejûn op spektakulêre wize goud wûn op de 1500 meter by de wrâldbeker yn Salt Lake City. Knegt ried mei oermacht nei de winst en in nij wrâldrekôr: 2.07.943. Dat wie goed in sekonde flugger as it âlde rekôr.
Op dyselde ôfstân koe Suzanne Schulting gjin finaleplak bemachtigje. Se ried yn de heale finale wol nei de winst, mar krige in straf. By in ynhelaksje hie se twa oare riders út balâns brocht. Dêrtroch krige Schulting in straf en einige se as 19e.
Sulver op de ôflossing
De Oranje-manlju, mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Adwin Snellink, hellen lykas in wike lyn sulver op de ôflossing. It wie Knegt dy't yn de lêste ronde nei it twadde plak ried. De winst gong nei Sina.
Ek de froulju pakten sulver. Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Jorien ter Mors en Yara van de Kerkhof einigen as tredde yn de finale, mar troch in straf foar Sina skoden se in plakje op. Súd-Koreä ried nei it goud.