Komt der moandei in oplossing foar de fosfaatproduksje?

Moandei is de langferwachte derogaasjetop oer it oplossen fan de oerproduksje fan fosfaat yn de melkfeehâlderij. Dy top soe earst freed al hâlden wurde, mar is oer it wykein hinne tild omdat de ferskate belutsen partijen noch wat mear tiid nedich hiene.
Boere-organisaasjes as LTO, de suvelyndustry, banken en Ryksoerheid sille moandei op in geheime lokaasje besykje om mei-inoar ôfspraken te meitsjen oer it werombringen fan de fosfaatproduksje yn de melkfeehâlderij yn it jier 2017.
Dy produksje moat wer ûnder it saneamde fosfaatplafond brocht wurde.
400.000 kij fuort?
As it net slagget om hjir ôfspraken oer te meitsjen ferspilet Nederlân it rjocht om mear dong oer it lân út te riden, de saneamde derogaasje. Foaral yn Fryslân meitsje in soad boeren gebrûk fan dizze metoade.
Gjin derogaasje mear soe betsjutte dat der yn Nederlân mei-inoar sa'n 400.000 kij fuort moatte. De gefolgen foar de sektor soene bysûnder grut wêze, de boeren moatte der dan ek net oan tinke dat it safier komt.
Kombinaasje fan maatregels
Oardel wike lyn wie der in grutte boeremoeting yn Zwolle mei steatssiktaris Martijn van Dam fan ekonomyske saken. Op dy moeting yn de IJsselhal wiene doe in lytse tûzen ferûntrêste boeren oanwêzich. Sûnt dy moeting binne alle belutsen partijen drok mei-inoar yn oerlis om oplossingen te betinken foar dit probleem.
Neffens saakkundigen is der net ien maatregel te betinken dy't it probleem yn ien klap oplost, it sil altyd gean om in kombinaasje fan ferskate maatregels.
Utwreiding
Boeren dy't de lêste jierren útwreide hawwe driigje yn de problemen te kommen as se op koarte termyn wer kij ynleverje moatte, want dan wurdt it wol hiel dreech om de skuld oan de bank wer ôf te lossen. Dat jildt bygelyks foar it bedriuw fan Afke Kester by Noardwâlde. Dit bedriuw siet yn 2015 by de 'teldatum' fan steatssiktaris Martijn van Dam noch midden yn de ferbouwing.
It bedriuw hat ynvestearre yn in nije stâl en twa molkrobots, mar melkt op dit stuit mar 70 kij wylst der romte is foar 120. As der fan dy 70, wat hjoeddedei in beskieden bedriuw is, ek noch guon fuort moatte, wurdt it foar dit bedriuw wol hiel dreech. Frou Kester hopet dêrom dat der op de derogaasjetop ek rekken hâlden wurdt mei bedriuwen dy't de lêste jierren ynvestearre hawwe.