Samlers Imke Gerritsen en Chiel ter Haar winne prizen

De winnende samlers Chiel ter Haar, Wim Trompert en Imke Gerritsen
Imke Gerritsen fan De Gordyk hat dit wykein de Dutch Collector Award krigen op de VerzamelaarsJaarbeurs yn Utrecht. Se sammelet al tritich jier histoarysk keukenark mei in bysûnder ferhaal, tegearre mei har mem.
Yn de kategory bern gong de priis nei de 15-jierrige Chiel ter Haar fan Ljouwert. Hy sammelet fan alles fan de fuotbalklups SC Cambuur en SC Hearrenfean. Syn samling liet er ôfrûne tongersdei sjen yn it televyzjeprogramma Hea!.
De priis waard foar de sânde kear útrikt oan de meast bysûndere samlers fan Nederlân. By de manlju gong de priis nei Wim Trompert fan Utrecht foar syn grutte kolleksje servizen. De VerzamelaarsJaarbeurs is mei 2000 kreamkes de grutste 'vintagebeurs' fan Europa.