KNMI ferwachtet glêdens, der wurdt rûnom struid yn Fryslân

13 nov 2016 - 18:19

It KNMI ferwachtet op 'e nij glêdens jûn en fannacht yn Fryslân. Der is koade giel ôfjûn. Alle provinsjale en ryksdiken wurde previntyf struid. De glêdens kin oanhâlde oant yn de moarnsspits.

Ljouwert rydt sneintejûn foar it earst dizze winter in folsleine struirûte yn de gemeente en ek Tytsjerksteradiel, Hearrenfean, Achtkarspelen en Súdwest-Fryslân hawwe de struiweinen de dyk op stjoerd.

Trefwurden: 
glêdens struie Fryske diken
(advertinsje)
(advertinsje)