Darter Danny Noppert kin net stunte tsjin Van Barneveld

13 nov 2016 - 17:54
Danny Noppert - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is der snein net yn slagge syn twadde pûlwedstriid op it Grand Slam of Darts toernoai te winnen. De 25-jierrige darter ferlear mei 5-2 fan fiiffâldich wrâldkampioen Raymond van Barneveld, nettsjinsteande in gemiddelde fan boppe de 100 punten.

Danny Noppert moat no noch ien wedstriid spylje yn syn pûl, tsjin de Ingelskman Nathan Aspinall. By winst is Noppert troch nei de lêste sechtjin fan it toernoai yn Wolverhampton. 

Noppert hie mingde gefoelens nei ôfrin fan de wedstriid. "By fleagen gong it goed, by fleagen net", sei er tsjin in ferslachjouwer fan RTL7. "Van Barneveld pakte kânsen en ik net, mar in gemiddelde fan boppe de 100 punten hie ik sels ek net ferwachte. Ik bin net ûntefreden op dit momint."

(Advertinsje)
(Advertinsje)