Snits Wyt Swart foarkomt fyfde ferlies mei lyk spul

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
Snits Wyt Swart hat snein mei 2-2 lyk spile yn de útwedstriid tsjin De Meern. Nei de earste minne helte stiene de Snitser haadklassers mei 2-0 achter. Yn de twadde helte kamen se werom troch doelpunten fan Age Hains Boersma en Freerk de Jong. Sa waard de einstân 2-2 en wist SWS in fyfde nederlaach foar te kommen. De ploech stiet no achtste yn it klassemint mei 18 punten út 12 wedstriden.