VV Hearrenfean ferliest al yn earste helte fan Silvolde

VV Hearrenfean hie snein op it thúsfjild net folle yn te bringen tsjin Silvolde. De wedstriid waard al yn de earste helte beslikke. De iepeningstreffer wie wol foar de Feansters. Yn de 9e minút wist Kevin Regts de 1-0 foar Hearrenfean op it boerd te setten. Lang duorre it net, want yn de 15e minút makke Jael Krosse de lykmakker foar Silvolde. Yn de 25e minút wie it opnij Krosse dy't de stân op 1-2 sette foar de gasten. Noch foar rêst waard it yn de 28 minút 1-3 troch in doelpunt fan Roy Bouwman. De twadde helte bleau sûnder punten.
De Feansters stean no op it tolfde plak yn it klassemint mei tolve punten út tolve wedstriden.