Miranda Scheffer pakt titel op Iepen NK muorrekeatsen

Yn sporthal De Trije yn Frjentsjer hat Miranda Scheffer de titel pakt by it Iepen NK muorrekeatsen. Yn in spannende en wikseljende inkelspulfinale tsjin de Spaanse Ana Falia kaam Scheffer mei 7-1 foar, mar ek mei 11-17 achter. Uteinlik pakte se dochs de folle winst mei 21-18 en mei se har kampioen fan de 'Dutch Open One Wall Europe' neame.
By de manlju gie de titel nei de Belg Tanguy Metayer. Hy wûn fan de Ierske kampioen Conor McElduff mei 21-16. Yn de heale finale ferlear Kees van der Schoot út Seisbierrum mei 15-12 fan Metayer.
Yn it dûbelspul by de froulju gie de titel nei Amearika. Veronica Watson en Jolanda Manroe wienen mei 21-10 te sterk foar Marieke Beckers en Miranda Scheffer. Beckers en Scheffer wienen yn de heale finale mei 15-14 noch krekt te sterk foar in Spaansk duo west, mar kamen yn 'e finale tekoart tsjin team USA.
By de manljusdûbel wie der in twadde plak foar PC-kening Hans Wassenaar en Tjisse Steenstra. Sy ferlearen yn de finale mei 21-18 fan de Belgen Tanguy en Corentin.