Winkel yn Haulerwyk set bylden ynbrekkers online

13 nov 2016 - 12:06

Arkwinkel Datona út Haulerwyk hat bylden op ynternet set fan ynbrekkers dy't sneontejûn húshâlden hawwe yn harren winkel. Dat meldt RTV Drenthe. "De schade bedraagt duizenden euro's", sa seit Michel Tel fan it bedriuw tsjin de Drintske omrop. Der binne produkten meinaam dy't sa'n 400 oant 500 euro it stik kostje. Tel hopet dat minsken de ynbrekkers op de bewakingsbylden herkenne, en harren melde.

Op de bylden is te sjen dat meardere manlju pakketten meinimme út it magazyn fan de winkel. Nei alle gedachten binne se binnenkaam troch de roldoar te fernielen. De ynbraak waard snein ûntdutsen.

Trefwurden: 
ynbrekkerij plysje Haulerwyk
(advertinsje)
(advertinsje)