Leenstra pakt sulver op de 1500 meter
Marrit Leenstra hat sneintemoarn in sulveren medalje wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Sina. Leenstra einige op de 1500 meter yn in tiid fan 1.57.64 krekt achter Heather Bergsma-Richardson dy't in tiid fan 1.57.00 delsette. Ireen Wüst pakte it brûns mei in tiid fan 1.58.18. Antoinette de Jong waard fjirde yn 1.58.22.