Buordsjes om foar te kommen dat helptsjinsten ferdwale

13 nov 2016 - 11:05
Buordsjes wize helptsjinsten it paad - Foto: RTV Noord, Steven Radersma

Steatsboskbehear sil spesjale buorden yn it Lauwersmargebiet delsette om helptsjinsten de wei te wizen. Dat meldt RTV Noord. Op it stuit is it faak lestich om in eksakte lokaasje oan te jaan yn it natuergebiet. In protte minsken komme net fierder as 'yn in bosk' of 'yn de buert fan wetter'. De buordsjes moatte dêr feroaring yn bringe. Op de buordsjes stiet njonken it alarmnûmer in spesjale koade dy't oerienkomt mei GPS-koördinaten.

'Als je die code doorgeeft aan de hulpdiensten kunnen ze aan de hand van een kaart zien waar je vandaan belt', seit boskwachter Jaap Kloosterhuis tsjin RTV Noord.

Steatsboskbehear kaam op it idee doe't twa jier lyn brân wie yn in útkyktoer yn it bosk op de Ballastplaat. De brânwacht hie doe grutte muoite om it plak fan de brân te finen. Der sille sa'n hûndert buordsjes yn it natuergebiet delset wurde. Benammen op plakken dêr't in protte rekreanten komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)