Opnij dikke winst foar follybalfroulju Snits

VC Snits (argyffoto) © Dijks Fotografie
Wer in dikke winst foar de follybalfroulju fan VC Snits. Mei 3-0 waard sneontejûn thús wûn fan Alterno út Apeldoorn. Yn de earste set rûnen de Snitser follybalsters earst mei 2-5 achter, mar dêrnei kamen se sterk werom en wûnen se oertsjûgjend mei de setstân 25-14. De twadde set gong aardich lyk op foar beide ploegen. Dochs wist Snits faker te skoaren, wêrtroch de setstân útkaam op 25-22. Ek de tredde set waard mei 25-19 op namme skreaun fan de ploech fan trainster Petra Groenland.
VC Snits klimt in plakje yn it klassemint en stiet no tredde achter Set-Up '65 út Ootmarsum en Sliedrecht Sport. Kommende woansdei spilet Snits thús tsjin Set-Up.