Darter Danny Noppert stunt by syn earste Grand Slam-duel
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat sneon yn syn earste wedstriid op it Grand Slam of Darts toernoai yn Ingelân foar in grutte ferrassing soarge. De 25-jierrige darter fersloech mei 5-3 Mensur Suljovic út Eastenryk. Noppert stie mei 4-3 yn legs foar en smiet in belangrike 78-finish om de winst binnen te heljen.
Snein spilet Noppert syn twadde wedstriid tsjin fiiffâldich wrâldkampioen Raymond van Barneveld. It Grand Slam of Darts toernoai wurdt útstjoerd troch RTL7.