Utrikking Anton Wachterpriis moat yn 2018 grutte reüny wurde

De útrikking fan de literêre Anton Wachterpriis yn Harns moat yn it jier 2018 in grutte literêre reüny wurde mei alle priiswinners oant no ta. Dêr sitte ferskate grutte nammen by, lykas Peter Buwalda, Arnon Grunberg, Adri van der Heijden en Tessa de Loo. Sjueryfoarsitter Geart de Vries makke dat sneon bekend by de útrikking fan de 20ste Wachterpriis foar it bêste literêre debút oan skriuwster Roos van Rijswijk foar har roman 'Onheilig'.
De Anton Wachterpriis is neamd nei de bekendste romanfiguer fan de Harnzer skriuwer Simon Vestdijk.
De Vries wol fan de priisútrikking yn 2018, yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd, in grut literêr evenemint meitsje mei optredens fan eardere priiswinners en in literêre oade oan sawol Simon Vestdijk as de stêd Harns.