Histoaryske tekeningen fan PC yn Keatsmuseum

Yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer hingje fan sneon ôf de âldst bekende tekeningen fan de PC. Fia de Frjentsjerter Universiteit bin se yn it besit kaam fan it museum. It giet om tekeningen út 1881. Se dûkten op by in feiling yn Noard-Hollân.
Op de tekeningen is dúdlik te sjen hoe't de PC fan doe belibbe waard. De keatsers rûnen doe bygelyks yn in pofbroek oer it fjild. Der sit ek in gravuere by. Dy is brûkt as foarbyld foar de ôfbylding dy't op it Keningsbal fan de PC stiet.
Arjen Dijkstra fan de Frjentsjerter Universiteit fynt dat de tekeningen wat Frânsk oandogge. Neffens him bin se fan grut histoarysk belang, omdat it de earste bylden binne fan de PC.