ONS wint mei 1-0 by DVS '33 yn Ermelo

12 nov 2016 - 17:17

ONS Boso Snits hat sneon trije wichtige punten pakt by DVS '33 yn Ermelo. It waard in benaude 1-0 oerwinning. De Snitsers begûnen goed oan de wedstriid. Al yn de 8e minút makket Fabian Stevens it iennige doelpunt mei in moaie lob. It spul golve dêrnei wat op en del, beide ploegen hiene wol kânsen.

Geandewei begûn DVS hieltyd mear te drukken en krige mear kânsen. Ek nei rêst gie it op jacht nei de lykmakker. ONS stie mei de rêch tsjin de muorre, mar DVS kaam net lâns ONS-keeper Bas van Wegen, dy't in pear kear poerbêst de saak rêde koe.

Trefwurden: 
ONS Boso Snits fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)