Harkemase Boys pakt wer trije punten mei winst op VVOG

12 nov 2016 - 17:02

Harkemase Boys hat sneon thús op Sportpark de Bosk mei 1-0 wûn fan VVOG. Beide ploegen wiene aardich oan elkoar weage, mar in soad kânsen wiene der net. Krekt foar rêst, yn de 44ste minút, makke Henny Bouius de 1-0 nei prachtich tariedend wurk fan Oebele Schokker.

Nei rêst kamen de Boys ûnder druk te stean. VVOG krige in protte frije trapen en korners. Harkemase Boys ferdigene mei it mes tusken de tosken, krige sels noch in prachtige kâns, mar nei in tige spannende einfaze bleau it dochs 1-0.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)