"Minder ynstjoeringen Anton Wachterpriis, mar nivo heech"

12 nov 2016 - 16:48

It oantal ynstjoeringen foar de twajierlikse literêre Anton Wachterpriis nimt ôf. Dat sei sjueryfoarsitter Geart de Vries sneon yn Harns by de útrikking fan de 20e Anton Wachterpriis oan skriuwster Roos van Rijswijk. De debutante krige de priis út hannen fan de Harnzer kultuerwethâlder Hein Kuiken. De priis bestiet út in oarkonde en in byldsje fan romanfiguer Anton Wachter.

 De sjuery fan de priis krige by eardere edysjes mear as 100 ynstjoeringen, dit jier wiene dat der 82. 

Dat it der no minder wiene komt neffens Geart de Vries foaral omdat it hjoed-de-dei dreech is foar debutanten om in útjouwer te finen. De Vries is wol te sprekken oer it nivo fan de ynstjoeringen. Neffens him wie dat heech. Hy is der dan ek fan oertsjûge dat we de kommende jierren noch wol mear hearre sille fan winner Roos van Rijswijk.

"Earfol en hiel bysûnder"

De skriuwster neamt it winnen fan de priis hiel earfol en bysûnder, ek omdat in part fan har famylje út Harns komt. Van Rijswijk beskôget de priis as in oanmoediging. De skriuwster is har der goed bewust fan dat de priis yn it ferline wûn is troch ferskate debutanten dy't letter hiel suksesfol waarden as skriuwer, lykas A.F.Th. Van der Heijden (1979), Tessa de Loo (1984) en Arnon Grunberg (1994).

Ina Dammanpriis

Yn de 'Dom fan Almenum', sa't de Grutte Tsjerke fan Harns ek wol neamd wurdt, waard fierders ek de Ina Dammanpriis útrikt oan Roeland van Wely foar syn stúdzje nei de Vestdijk-roman 'De Vuuraanbidders'. Neffens Van Wely docht út dy roman bliken dat Vestdijk tige kritysk tocht oer de nazy-ideology. Yn it boek wurdt it Dútske folk omskreaun as 'tige rasûnsuver' en as 'neikommelingen fan eardere hierlegers'. 

De Ina Dammanpriis bestiet út in oarkonde en in byldsje fan Ina Damman op redens, makke troch Mieke Vestdijk, de widdo fan de ferneamde Harnzer skriuwer Simon Vestdijk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)